De Folkshegeskoalle op Skylge
Skip to maincontent, sla it menu oer.

Nederlânsk

Summary

Home side
Foar wa?
Akkommodaasje
Kursussen
Prizen
Ynskriuwe
Kursus
Reservearje
Akkommodaasje
Reservearje
Simmerkamp
Oer ús
Links
Fotoalbums
E-cards
Argyf
Nijsbrief

Oanmelde Nijsbrief

 

Akkommodaasje - Us Ferbliuwen

De Brêge - De Koai en de Stjûne - It Roefke | Us sealen | Fasiliteiten

gebou It Roefke strân it hiem

Ferspraat oer it romme gloaiende terrein, opnommen yn ’e dunen, lizze trije gebouwen. Se binne ûntwurpen troch architekt Gunnar Daan yn in freonlike, Skandinavyske styl en hawwe elk harren eigen karakter.


De Brêge - prizen - reservearje

It moaie rûne gebou De Brêge is om in dún hinne boud. Der binne 11 romme twapersoanskeamers. Elke keamer hat in túndoar dy’t útkomt op de bosk. Alle keamers ha dûs en wc. Yn de foyer – mei tv – kinne jo josels in drankje ynskinke. Boppe is in rûne, ljochte konferinsjeromte, de Brêgeseal. Der leit in grut terras omhinne. Sjoch: Brêge Seal. Sjoch ek: fotoalbum us ferbliuwen.

Koai en Stjûne - prizen - reservearje

Yn dizze gesellige, ienfâldige 4-persoans apparteminten fine jo: twa sliepromten, in dûs, in húske tv en keuken. Tsjin mearkosten kinne jo in linnenpakket bestelle. Sjoch ek: fotoalbum us ferbliuwen.

De apparteminten fine jo op de begeane grûn.

It Roefke - prizen - reservearje

Jo ferbliuwe foardielich en sfearfol yn in sliepkeamer of sliepseal, ynrjochte foar 4 oant 14 persoanen. Elke sliepseal hat in eigen dûs en húske. Tsjin mearkosten kinne jo in linnenpakket bestelle.

It Roefke is geskikt foar kursussen, bedriuwsútstapkes, wurkwiken en famylje- en freonegroepen. Yn totaal kinne 76 persoanen yn It Roefke ferbliuwe. Sjoch ek: fotoalbum us ferbliuwen.

home side - nei boppe

Folkshegeskoalle Schylgeralân, de folkshegeskoalle op Skylge (c) 2008.