

De Folkshegeskoalle bestiet sûnt 1948. Al mear as in heale ieu komme minsken hjir om harren identiteit te belibjen, inoar te moetsjen en om harren te ûntjaan.
Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden oeral yn Nederlân Folkshegeskoallen oprjochte út it besef wei: elkenien hat syn eigen wearde, lit der respekt wêze. Lit ús wurkje oan in oare, bettere wrâld.
De Folkshegeskoalle Schylgeralân is altyd ûnôfhinklik bleaun fan subsydzje, en is no noch de iennige en lêste folkshegeskoalle fan Nederlân.
Tsjintwurdich komst hjir om eefkes hielendal ta dysels te kommen, om yn alle rêst it kontakt te belibjen mei dyn kreativiteit, de natuer, oaren ... yn wêzen is der net safolle feroare.

Al foar de oarloch wiene der ferskate Fryske kursussen op Allardsoog. En der wiene goede kontakten tusken de lettere direkteur fan Schylgeralân, Halbe Doele en de ynspirator fan Allardsoog, Jarich van der Wielen. Dat hat sûnder mis bydroegen ta de ûntjouwing fan de Folkshegeskoalle op Skylge.
Dat jilde ek foar it earste nei-oarlochske kamp fan it Boun fan Nasjonale Fryske Jongerein, dat yn 1946 hâlden waard yn de Wierskún op Skylge, by Easterein. Der diene mear as 100 jonge minsken oan mei, it wie in grut sukses. Dat kamp wie in foarboade fan de noch op te rjochtsjen Folkshegeskoalle. In pear jier letter, doe’t nei bettere húsfesting socht waard, fûn Gryt Doele, de frou fan de earste direkteur fan Schylgeralân de samling bunkers op it plak fan de hjoeddeiske Folkshegeskoalle.

Dy delsetting mei sjittoer wie in ûnderdiel fan de ‘Atlantikwall’. De bunkers wiene nei de oarloch leech helle, der wie gjin wetter, elektrisiteit of kezyn mear te bekennen. De yntusken oprjochte Stichting Schylgeralân koe it kompleks yn 1948 keapje fan it Ryk, nei oerlis mei it buro ‘Oorlogsbuit’ dat ressortearre ûnder it Ministearje fan Finânsjes. De keapsom wie 500 gûne. Stichting Schylgeralân hie as doel it stichtsjen en yn stân hâlden fan in sintrum foar Frysk kultureel wurk.

Schylgeralân wie in moetingsplak foar jongerein. It earste besykjen om Frysk te propagandearjen op Skylge foel net altyd yn goede ierde. In protte frijwilligers brochten de bunkers wer yn bewenbere steat en sa waard it kompleks geskikt makke foar kursuswurk.
By de yngong nei de ytseal stiet de geweldich grutte 'itensiederspot' fan doe. Der steane no planten yn. Dy itensiederspot bringt de begjintiid fan ein fjirtiger jierren yn 't sin, doe't de pioniers sawat sûnder foarsjennings it iten klear makken foar de hurde wurkers en wurksters.

De earste folkshegeskoalle yn Nederlân, Allardsoog, hie as doel in bydrage te leverjen oan de fernijing fan de folkskultuer en it fersterkjen fan de folksmienskip. Under de Twadde Wrâldoarloch kaam it folkshegeskoalle-wurk sawat stil te lizzen, mar nei de oarloch hiene se it tij mei. Der wie ferlet fan moeting en ûntjouwing. Guon folkshegeskoallen binne net tafallich koart nei de oarloch oprjochte.
Fan it begjin ôf oerhearske it regionale tinken yn de folkshegeskoallen, wat dat oanbelanget past Folkshegeskoalle Schylgeralân yn dy tradysje. De Nederlânske folkshegeskoallen binne op har beurt ynspirearre troch de Skandinavyske tradysje. "De Volkshogescholen-gedachte is afkomstig van de Deense schrijver en predikant Grundtvig (1783-1872), die zich afzette tegen het opkomend rationalisme, liberalisme, materialisme en verstedelijking. (.)
Pas rond 1930 vond deze gedachte ingang in Nederland, vooral als gevolg van de massale werkloosheid en klassetegenstellingen". (Mr. C.Stapel, Bakkeveen 1999) Noch hieltyd riede Skandinavyske folkshegeskoallen jongerein ta op de maatskippij, oanslutend op in ferfolchstúdzje.

Yn de fyftiger en sechstiger jierren waarden in soad ‘kampen’ hâlden: it Peaskekamp, it jierslutingskamp, it simmerkamp, it stúdzjekamp, it keatskamp. In protte pommeranten út de Fryske beweging diene geregeld mei oan dy kampen. Wy neame hjir: Jan Piebenga, haadredakteur fan de Ljouwerter Krante, skriuwer Fedde Schurer, dichter D.A. Tamminga, de lettere prof. Fryske taal- en letterkunde Tony Feitsma, Anne Vondeling, de bekende PvdA politikus en noch in hiel soad oaren. Fan mids santiger jierren ôf waarden jierrenlang Fryske toanielwiken hâlden op de Folkshegeskoalle. Der besteane noch hieltyd de simmerwiken foar bern fan 10 oant 15 jier.
De earste direkteur Halbe Doele waard yn 1962 opfolge troch Betze Stienstra. Hy joech op tige goede wize lieding oan Folkshegeskoalle Schylgeralân oant 1995.

Yn de santiger en tachtiger jierren is de Folkshegeskoalle útwreide. De bekende arsjitekt Gunnar Daan hat de hjoeddeiske Skandinavysk oandwaande gebouwen ûntwurpen dy’t op de fûneminten fan de bunkers boud waarden. De natuerlike lizzing fan de Folkshegeskoalle komt dêrtroch goed ta syn rjocht. Yn 1987 is it lêste gebou De Brêge derby boud: it is om in dún hinne boud, mei alve keamers en op de boppeferdjipping in rûne, ljochte konferinsjeseal. Keninginne Beatrix hat De Brêge iepene.

Organisatoarysk hat der lang sprake west fan twa stichtingen: Stichting Schylgeralân dy’t de gebouwen yn besit hie en de befreone Stichting Folkshegeskoalle dy’t in protte aktiviteiten organisearre. Gearwurking tusken beide stichtingen kaam sa faak foar dat de fúzje yn 1987 de útkomst wie fan in natuerlik proses. Dy yntegraasje waard offisjeel mei it nije stichtingsstatút út 1991.
Fan it begjin ôf hat Folkshegeskoalle Schylgeralân derfoar keazen om as stichting gjin strukturele subsydzje te ûntfangen. Doetiidske bestjoerders hawwe wat dat oanbelanget nea yn it helter fan oerheidsubsydzjes rinne wollen. De folkshegeskoallen dy’t wol subsidiearre waarden, krigen om 1990 hinnealderhande fúzjes en reorganisaasjes oer har hinne en hellen it faak net. Nei alle gedachten is dy selsstannichheid fan it earste begjin ôf de oarsaak dat Folkshegeskoalle Schylgeralân no de iennige folkshegeskoalle is dy’t noch yn Nederlân bestiet.
De Folkshegeskoalle hat in Fryske identiteit. Dat uteret him ûnder oaren yn it organisearjen fan kursussen op it mêd fan Fryske taal en kultuer en it bringt ek mei him mei dat der kontakt is mei oare persoanen en groepen fan minderheidstalen yn Europa. Alle jierren wurdt in reis organisearre nei sa’n taalgebiet, lykas nei Kasjoebië yn Poalen, Wales ensfh. Der binne ek útwikselingsprogramma’s mei besibbe organisaasjes út dy taalgebieten.
Alles byinoar organisearret de Folkshegeskoalle alle jierren goed 25 kursussen en aktiviteiten op it mêd fan kreativiteit, besinning, natuer en Fryske taal en kultuer. De dielnimmers komme inoar tsjin yn harren belangstelling en kinne har ûntjaan. Krekt yn dizze tiid, dêr’t de oerhastige mins rêst, besinning en kreativiteit siket, hat Folkshegeskoalle Schylgeralân in tige aktuele betsjutting krigen

Yn dit desennium is it tal kursussen en wurkwinkels fan de Folkshegeskoalle útwreide fan sa'n 20 nei 30 programma's. De kursussen en wurkwinkels binne no yndield yn fjouwer kategoryen: kreative kursussen, natuer, meditaasje/besinning en Fryske taal/kultuer. De Folkshegeskoalle komt mei syn aktiviteiten mear nei bûten ta as yn it ferline.
Yn dizze perioade is de Folkshegeskoalle groeid yn omset en oantal gasten. De akkommodaasje is fernijd, de twapersoanskeamers binne hielendal renovearre. Sûnt 2001 set de Folkshegeskoalle yn op winning fia ynternet; sa is der in soad wurk makke fan it hieltyd wer fernijen fan de webside.

It sechstichjierrich jubileum fan de Folkshegeskoalle yn 2008 is breed fierd; op de 'Iepen Dei' kamen sa'n 600 besikers, wêrfan in protte eilanners, nei de Folkshegeskoalle. Op dy wize hat de Folkshegeskoalle syn eigen plak binnen de Skylger mienskip fûn.
In wichtich part fan de programma's is de taal. Sjoen de ûntjouwings yn Fryslân en dêrbûten is de Folkshegeskoalle in twatalige ynstelling wurden. Sa hinget yn alle twapersoanskeamers in Frysk of Hollânsk gedicht, altyd mei oersetting.

Der binne ferskate literêre programma's organisearre op de Folkshegeskoalle. Ek is skriuwers plak oanbean om hjir yn rêst skriuwe te kinnen. De folgjende skriuwers ha yn dizze perioade op de Folkshegeskoalle útfanhûs west en út eigen wurk foarlêzen: û.o. Tsjêbbe Hettinga, Rutger Kopland, Albertina Soepboer, Hagar Peeters, Abdelkader Benali, Hylke Speerstra, Atte Jongstra, Neeltje Maria Min en Tiny Mulder.

Binnen de fernijing is de oarsprong fan de Folkshegeskoalle oanwêzich bleaun. Jeugd komt rûnom wei nei de Fryske Simmerkampen, Freonen (vrienden) stypje harren Folkshegeskoalle as fan âlds en frijwilligers soargje foar de putsjewike yn maart.
De lêste jierren is de Folkshegeskoalle derop rjochte om de takomst grien en duorsum te meitsjen. Dat past by de Folkshegeskoalle mei syn unike hiem yn de bosk fan Hoarne.
Simmer yn Fryslân 2010: op 19 augustus 2010 hat der in útstjoering west op Omrop Fryslân fan in programma oer de Folkshegeskoalle. Geert van Tuinen sjocht by in stiltegroep, mar ek by in groep bern op Simmerkamp. De mearsidichheid fan de Folkshegeskoalle komt ek ta utering troch it toanen fan de ferskate akkommodaasjes dy't de Folkshegeskoalle oanbiedt.
Boarne: Omrop Fryslân op Youtube: Folkshegeskoalle Skylgeralân.
Fan in bettere nei in oare wrâld 2004: dizze dokumintêre fan omrop Fryslân befettet bylden út 2004 en fragmenten út de jierren '50 en '60. © Omrop Fryslân.