De Folkshegeskoalle op Skylge
Skip to maincontent, sla it menu oer.
Folkshegeskoalle op Facebook

Nederlânsk

Summary

Home side
Foar wa?
Akkommodaasje
Kursussen
Prizen
Ynskriuwe
Kursus
Reservearje
Akkommodaasje
Reservearje
Simmerkamp
Oer ús
Links
Fotoalbums
E-cards
Argyf
Nijsbrief

Oanmelde Nijsbrief

sicht op it strân

Yn de maaitiid en it neijier – om de simmerfakânsje hinne – is it hjir ek tige noflik. Wa’t de drokte fan it deistich libben eefkes op de “fêste wâl” litte wol, komt hjir ta rêst.

De rêstige eastkant fan Skylge stiet bekend om syn prachtige natuer. Folkshegeskoalle Schylgeralân stiet op in prachtich plak yn de Hoarnske bosk en leit sadwaande midden yn dy natuer: oan de iene kant leit natuergebiet de Koegelwieck, en oan de oare kant leit in grut dúngebiet dat oergiet yn de Boschplaat dat de bysûndere erkenning hat fan Europeesk natuerreservaat.

Bedriuwen en ynstellingen

Brêge Seal

Foar in bedriuwsútstapke fine jo hjir in fantastyske bestimming. Mar ek foar in brainstorm of training komme bedriuwen hjir graach. De Brêge lient him dêr hiel goed foar, dêr sit rêst en besinning al fan natuere yn it gebou.

Nim allinnich al de ljochte, rûne konferinsjeromte De Brêgeseal, mei in grut terras deromhinne. Yn dy seal steane ferskate audiofisuele middels. Dêr kinne jo rêstich wurkje. As jo dat wolle kinne wy jo yn kontakt bringe mei in deifoarsitter of in betûft trainer.

Oare bedriuwen of ynstellingen binne hjir foar teambuilding of foar in bedriuwsreis. Jo kinne net allinnich yn De Brêge oernachtsje, mar ek yn it sportivere ferbliuw It Roefke mei sliepsealen en sliepsealtsjes. Foar sa’n ferbliuw dogge wy jo graach in tal suggesties en programma ideeën oan ’e hân.

Famyljes en freonegroepen

Bopperom Seal

Famyljes en freonegroepen komme hjir graach, bygelyks om wat te fieren. Sy kinne ek kieze út de twapersoanskeamers fan De Bręge, dy't ręstich lizze, of út it gebou mei de sliepsealen en sliepsealtsjes It Roefke. Jo kinne ek kieze foar de seispersoans apparteminten Koai en Stjűne.

Rekreaasjeseal It Bopperom is in gesellige seal mei in protte hout en mei in piano, bar, tv en in lűdsynstallaasje. As jo trochklikke nei de programma ideeën foar groepen, dan fine jo faaks in goed idee. En wa't ferdivedaasje siket yn Hoarne: it ferneamde muzykkafee mei de eilanner sjonger Hessel is net fier fan de Folkshegeskoalle.

Iten

Us kok wurket mei har team benammen mei farske yngrediïnten. Sy kriget gauris kompliminten fan ús gasten oer it smaaklike en sûne iten. Sy kin rekken hâlde mei fegetariërs en dieetwinsken, mar dat moat wol op ’e tiid trochjûn wurde.

Wy skinke Max Havelaar-kofje en brûke by it moarnsiten Skylger eko–tsiis.
Ek brúke wy in soad oare biologyske en lokale producten.

yten yn Bopperom

nei boppe

Folkshegeskoalle Schylgeralân, de folkshegeskoalle op Skylge (c) 2008.