Aktiviteiten fan de Folkshegeskoalle
- Fjildwurk-programma
Spesjaal foar de Folkshegeskoalle is de Fjildwurk-map ûntwikkele mei 125 siden oan ideeën op it mêd fan natuerûndersyk en bûtenspultsjes op it strân, waad en yn de bosk en it dún. Bedoeld as tarieding fan de wurkwike yn de klasse. Dizze map wurdt jo sûnder kosten tastjoerd by reservearring fan in skoallereis. Ek kin de skoalle de materialen út de Fjildwurk-kast brûke. Priis € 2,- it bern.
- Aktiviteitenbegelieding troch Folkshegeskoalle
Op dei-basis € 9,-- de learling (űnder foarbehâld fan beskikbere begelieding) of € 5,-- it deidiel.
Musea
- Museum 't Behouden Huys (West Skylge, till.0562-442389). Foar bern is in puzeltocht mei skatkaart te krijen.
- Natuur en landschap + See-akwarium (West Skylge, till. 0562-442390).
Foar bern binne der spesjale programma’s mei in speurtocht troch it museum.
- Bernebuorkerij en Lânbouwmuseum Hooivak (Hoarne, till. 0562-448107).
Sjoch www.hooivak.nl.
Sportyf programma
Tochten
- Swalktochten
Byg. oer de Boschplaat it droechfallen Waad of op ’en paad mei de boskwachter. Mei begelieding fan Staatsbosbeheer (0562-442116) of troch Louck Dijckhoff (0562-448305).
- Reflektor-tocht nachts
Mei bûslantearnen in útsette rûte folgje troch de Hoarnske bosk (mei of sûnder begelieding).
Kampfjoer op it strân
Kampfjoeren meie yn prinsipe hâlden wurde east fan peal 18 (Easterein) en west fan peal 8 (West oan See). Jo hawwe wol in fergunning nedich fan de gemeente (till. 0562-446244 tusken 9 en 12 oere).
Binnen min waar programma
-
Yn alle sealen kin de DVD brûkt wurde. Wol sels DVD’s meinimme graach.
- Der is in spultsjekiste oanwêzich.
-
Bûten-tafeltennistafel (wol ûnder dak)
- Dartboerd.
Triedleas ynternet / WiFi
Nim jo laptop mei, en freegje de koade by de resepsje. Dizze serivce is fergees.