Aktiviteiten en begelieding
- Aktiviteitenbegelieding troch de Folkshegeskoalle
Op dei-basis € 9,-- de learling (űnder foarbehâld fan beskikbere begelieding).
Of € 5,-- it deidiel de learling.
- Natuerwurkprogramma
Jo kinne kratten mei materialen hiere en wurkblęden dy’t jo gelyk brűke kinne. It materiaal en de blęden binne rjochte op waad, strân ensfh. en kinne hierd wurde by Natuur en Landschap, till. 0562-442390.
- Fjildwurkmap
De map is rjochte op groep 7 en 8 fan de basisskoalle, mar faaks sitte der ideeën by dy’t gaadlik binne foar it fuortset ûnderwiis.
De ynformaasjemap is foar de Folkshegeskoalle ûntwikkele. Der steane 125 siden oan ideeën yn op it mêd fan natuerûndersyk op it strân, it waad, yn de bosk en it dún. Bedoeld as tarieding fan de wurkwike yn de klasse.
Dizze map wurdt jo sûnder kosten tastjoerd by reservearring fan in wurkwike.
Musea
- Wrakkenmuseum Formearum (Formearum Sud 13, till. 0562-449305).
- Museum 't Behouden Huys (West Skylge, till. 0562-442389).
- Natuur en landschap + See-akwarium (West Skylge, till. 0562-442390).
Goed ûnder € 5 de persoan.
Sportyf
Tochten
- Swalktochten
Byg. troch de Noordsvaarder of oer de Boschplaat. Spesjaliteit kobbekoloanje yn maaie. Mei begelieding fan Staatsbosbeheer (0562-442116) of troch Louck Dijckhoff (0562-448305).
- Reflektor-tocht foar nachts
Mei bûslantearnen in útsette rûte folgje troch de Hoarnske bosk (mei of sûnder begelieding).
- Seehûnetocht + sportfiskje
Mei de Talisman (Oene Spanjer till. 0562-443362 of 06-53308825). Kosten likernôch € 9 de man. Of mei MS Stortemelk (Rijf 0562-443362 of 06-53760573)
Kampfjoer op it strân
Kampfjoeren meie yn prinsipe hâlden wurde east fan peal 18 (Easterein) en west fan peal 8 (West oan See). Jo hawwe wol in fergunning nedich fan de gemeente (till. 0562-446244 tusken 9 en 12 oere).
Binnen min waar programma
- Yn twa sealen kin in DVD-spiler brûkt wurde. Wol sels DVD’s meinimme.
- Der is in spultsjekiste oanwêzich.
-
Bûten-tafeltennistafel (wol ûnder dak)
- Dartboerd.
- Ferhalefertellers Richard v.d. Veen, Jan Zorgdrager, Arie Buren of Betze Stienstra. Wy kinne jo dêr fierder mei helpe.
Triedleas ynternet / WiFi
Nim jo laptop mei, freegje de gratis koade by de resepsje.