

Allinnich op fakânsje kin best wol spannend wêze. Mar wat asto mei noch in hiele protte oare bern in wike lang op in eilân trochbringe kinst? Under begelieding fan betûfte jongerein mei leeftydsgenoatsjes spultsjes dwaan en gekjeie. Yn bosk en dún, op it strân en yn ’e see. Fansels de lieding pleagje en spannende nachtkuiers meitsje. Op Skylge is fan alles en noch wat te betinken. En alle jierren wurde nije en noch gekkere spullen en tema's betocht. Sa binnen kampen al yn ’e oertiid en midsieuwen bedarre en Willem Barentsz efternei gien om op ekspedysje te gean. Ast thúskomst praatst heit en mem de earen fan de holle en as beleanning krije se in bulte smoarge wask. Liket it dy wat?? Jou dy dan sa gau mooglik op by de Folkshegeskoalle. Dat kin maklik ast de bon 'Opjefte' ynfolje en ferstjoere mei de knop 'Ferstjoere'. Wa wit.....miskien sjogge wy dy takom jier wol by de haven fan Harns!!!
datum: |
11-17 july (6 dagen) |
lieding: |
Betûfte kamplieding fan 8 persoanen tusken de 20 en 30 jier (by 30 bern). |
leeftiid: |
jonges en famkes fan 10 en 11 jier |
kosten: |
€ 221,-- ynklusyf retoerkosten mei fyts, iten, drinken, sliepen en kampkosten , en eksklusyf toeristebelesting (€ 0,80 deis).. |
kontakten |
Kamplieding kontaktpersoan: Willem Aukes (till. 06-46061127) |
oantal dielnimmers: |
20-30 dielnimmers |
tiid en boatreis |
De bern geane mei de fyts op snein nei Harns. Bern en kamplieding treffe inoar om 13.00 oere by de haven fan Harns. De fyts giet mei op de boat en meiinoar fytse de bern en de kamplieding fan West nei Hoarne (12 km). Dêr leit de Folkshegeskoalle yn de Hoarnske bosk, tichtby it doarp, ien kilometer fan it strân. Om seis oere jûns stiet it waarm miel foar elk klear en dan kin it Simmerkamp echt begjinne! |