

Nije bern kennen leare, fanatike spullen dwaan yn de bosk en op it strân, gekjeie yn ’e dunen of op de sliepseal midden yn ’e nacht, mei noch 30 oaren fan dyn eigen leeftyd? Dat kin op Folkshegeskoalle Schylgeralân. In wike lang ûnder lieding fan betûfte entûsjaste jongerein in geweldige tiid trochbringe. Nachtkuiers, draafspullen, tinkspullen, strategyspullen, speurtochten, sjonge, toanielspylje. Kinst it sa gek net betinke of it kin op kamp op ’e Folkshegeskoalle. Al jierren lang wurde dy kampen organisearre, en in soad bern komme fol mei ferhalen thús om it jier dêrnei wer werom te kommen op de Folkshegeskoalle. Sa'n wike sit altiid grôtfol mei spullen en tochten. Mar der is ek tiid foar dysels. At jimme jim nocht ris ha fan de lieding en fansels oarsom...
As de lieding jim wurch, mar entûsjast op Harns ôfleverje kin, binne wy pas tefreden. Dus bist entûsjast en liket it dy wol wat foar dysels en miskien foar freonen en freondinnen: lit it ús witte en skilje mei de Folkshegeskoalle Schylgeralân. En dan miskien oant sjen by de boat yn Harns!!!!!!
datum: |
18-24 july (6 dagen) |
lieding: |
Betûfte kamplieding fan 8 persoanen tusken de 20 en 30 jier. |
leeftiid: |
jonges en famkes fan 12 en 13 jier |
kosten: |
€ 245,-- ynklusyf retoerkosten mei fyts, iten, drinken, sliepen en kampkosten, en eksklusyf toeristebelesting (€ 0,80 deis).. |
kontakten |
Kamplieding kontaktpersoan: Willem Aukes (till. 06-46061127) |
oantal dielnimmers: |
40 dielnimmers |
tiid en boatreis |
Jim geane mei de fyts op snein nei Harns. Jim treffe de kamplieding om 13.00 oere by de haven fan Harns. De fyts giet mei op de boat en meiinoar fytse jim mei de kamplieding fan West nei Hoarne (12 km.). Dêr leit de Folkshegeskoalle yn de Hoarnske bosk, tichtby it doarp, ien kilometer fan it strân. |