De Folkshegeskoalle op Skylge
Skip to maincontent, sla it menu oer.

Nederlânsk

Summary

Home side
Foar wa?
Akkommodaasje
Kursussen
Prizen
Ynskriuwe
Kursus
Reservearje
Akkommodaasje
Reservearje
Simmerkamp
Oer ús
Links
Fotoalbums
E-cards
Argyf
Nijsbrief

Oanmelde Nijsbrief

op it strânspultsjes dwaan

Tredde kamp, 14 en 15 jier

Hast dyn nocht om mei dyn âldelju op fakânsje te gean?? Kom dan, lykas in hiel soad oaren nei de Folkshegeskoalle op Skylge!! En ast tinkst dat dit kamp allinnich mar út draaf- en balspultsjes bestiet, dan hast dat ferkeard tocht. Kuiers midden yn de nacht, bloedfanatike strategyspullen en as it waar it talit: bakke op it strân en swimme yn de Noardsee. Dat binne mar in pear foarbylden. Mar ek toanielspylje, ymprovisaasje en moardspullen binne oan ’e oarder. De lieding stiet altyd iepen foar suggestjes en ideeën om de wike noch leuker en ôfwikseljender te meitsjen. Do krijst sels de kâns om, yn groepkes, in dei-program yninoar te setten. Dan kinst de lieding foar in kear ris flink te pakken nimme of drave litte. Hat it kampgefoel dy te pakken krigen en liket it dy wol wat, skilje dan mei de Folkshegeskoalle om dy op te jaan of foar mear ynformaasje. Dan sjogge wy dy miskien wol by de haven fan Harns.

datum:

21–27 augustus 2011

lieding:

Betûfte kamplieding fan 9 persoanen tusken de 20 en 30 jier.

leeftiid:

jonges en famkes fan 14 en 15 jier

kosten:

€ 275,–– ynklusyf retoerkosten mei fyts, iten, drinken, sliepen en kampkosten , en eksklusyf toeristebelesting (€ 0,85 deis).

kontakten
earste kamp:

Kamplieding kontaktpersoan: Willem Aukes (till. 06–46061127)
Folkshegeskoalle Schylgeralân: Klaske Jaspers (till. 0562–448954)

oantal dielnimmers:

maksimaal 40 dielnimmers

tiid en boatreis

Jim geane mei de fyts op snein nei Harns. Jim treffe de kamplieding om 13.00 oere by de haven fan Harns. De fyts giet mei op de boat en meiinoar fytse jim mei de kamplieding fan West nei Hoarne (12 km.). Dêr leit de Folkshegeskoalle yn de Hoarnske bosk, tichtby it doarp, ien kilometer fan it strân.
Om seis oere jûns stiet it waarm miel foar jim klear en dan kin it Simmerkamp echt begjinne!
Op sneontemoarn om 10.30 oere fytse jim mei de kamplieding nei West en elkenien giet mei de boat fan 12.30 oere wer werom nei Harns. Om 14.30 oere is de boat yn Harns en kinne jim mei heit en/of mem wer op hûs oan.



Folkshegeskoalle Schylgeralân, de folkshegeskoalle op Skylge (c) 2008.