De Folkshegeskoalle op Skylge
Skip to maincontent, sla it menu oer.
Folkshegeskoalle op Facebook

Nederlânsk

Summary

Home side
Foar wa?
Akkommodaasje
Kursussen
Prizen
Ynskriuwe
Kursus
Reservearje
Akkommodaasje
Reservearje
Simmerkamp
Oer ús
Links
Fotoalbums
E-cards
Argyf
Nijsbrief

Oanmelde Nijsbrief

Op it strân op de boat

Earste kamp, 9 en 10 jier

Allinnich op fakânsje kin best wol spannend wêze. Mar wat asto mei noch in hiele protte oare bern in wike lang op in eilân trochbringe kinst? Under begelieding fan betûfte jongerein mei leeftydsgenoatsjes spultsjes dwaan en gekjeie. Yn bosk en dún, op it strân en yn ’e see. Fansels de lieding pleagje en spannende nachtkuiers meitsje. Op Skylge is fan alles en noch wat te betinken. En alle jierren wurde nije en noch gekkere spullen en tema's betocht. Sa binnen kampen al yn ’e oertiid en midsieuwen bedarre en Willem Barentsz efternei gien om op ekspedysje te gean. Ast thúskomst praatst heit en mem de earen fan de holle en as beleanning krije se in bulte smoarge wask. Liket it dy wat?? Jou dy dan sa gau mooglik op by de Folkshegeskoalle. Dat kin maklik ast de bon 'Opjefte' ynfolje en ferstjoere mei de knop 'Ferstjoere'. Wa wit.....miskien sjogge wy dy takom jier wol by de haven fan Harns!!!

datum:

22–28 july 2012

lieding:

Betûfte kamplieding fan 8 persoanen tusken de 20 en 30 jier (by 30 bern).

leeftiid:

jonges en famkes fan 9 en 10 jier

kosten:

€ 230,-- ynklusyf retoerkosten mei fyts, iten, drinken, sliepen en kampkosten , en eksklusyf toeristebelesting (€ 1,00 deis).

kontakten
earste kamp:

Kamplieding kontaktpersoan: Willem Aukes (till. 06–46061127)
Folkshegeskoalle Schylgeralân: Klaske Jaspers
(till. 0562–448954)

oantal dielnimmers:

20-30 dielnimmers

tiid en boatreis

De bern geane mei de fyts op snein nei Harns. Bern en kamplieding treffe inoar om 13.00 oere by de haven fan Harns. De fyts giet mei op de boat en meiinoar fytse de bern en de kamplieding fan West nei Hoarne (12 km). Dêr leit de Folkshegeskoalle yn de Hoarnske bosk, tichtby it doarp, ien kilometer fan it strân. Om seis oere jûns stiet it waarm miel foar elk klear en dan kin it Simmerkamp echt begjinne!
Op sneontemoarn om 10.30 oere fytse bern en kamplieding nei West en eltsenien giet mei de boat fan 12.30 oere wer werom nei Harns. Om 14.30 oere is de boat yn Harns en kinne de bern mei heit of mem wer op hûs oan.



Folkshegeskoalle Schylgeralân, de folkshegeskoalle op Skylge (c) 2008.