
In protte basisskoallen en ek it fuortset ûnderwiis komme nei de Folkshegeskoalle foar harren skoalreiske, wurkwike of 'wendagen'. It fakânsjegefoel begjint al yn Harns, sa gau't de learlingen op de boat stappe. By de haven fan West steane de bussen klear om de bern nei Hoarne te bringen, dêr't Folkshegeskoalle Schylgeralân yn de bosk leit, sa'n 300 meter fan de bushalte.
In protte skoallen hiere (fia de Folkshegeskoalle) in fyts yn West en litte harren bagaazje troch de fytsferhierder ferfiere, en meitsje dan in moaie fytstocht oer it eilân nei ús ta.
De Folkshegeskoalle leit yn de dúneftige Hoarnske bosk. In spannend (boarters) plak op ús terrein is de romte tusken de âlde bunkerkes, dêr't bern graach wêze meie. De Folkshegeskoalle leit op fiif minuten fytsen fan it strân

Guon skoallen hawwe harren eigen programma. Oare skoallen meitsje gebrûk fan it Fjildwurk-programma dat spesjaal foar de Folkshegeskoalle Schylgeralân ûntwikkele is.
Wy kinne jo dêroer ynformearje. Op dizze site fine jo ek in list mei programma ideeën foar basisskoallen en foar it fuortset ûnderwiis.
Bern en leararen oernachtsje yn gebou It Roefke, dêr’t 10 sliepsealen en sliepsealtsjes binne. Der binne sealen foar 4 oant 14 persoanen, yn totaal foar 76 persoanen.
Yn It Roefke is in rekreaasjeseal (Roefke Seal)mei DVD-fideo, lûdsynstallaasje en dartboerd.
De skoallen oernachtsje hjir op basis fan folpensjon. De dosinten kinne sa al har tiid besteegje oan de aktiviteiten foar de bern.
Us kok hâldt rekken mei dieetwinsken, mar soks moat wol op ’e tiid oan ús trochjûn wurde. In protte skoallen komme jier op jier graach werom by Folkshegeskoalle Schylgeralân foar harren sportive en ‘natuerlike’ wurkwike.
Basisskoallen € 24,10 deis foar ien persoan eksklusyf toeristebelêsting (Folpensjon).
Fuortset ûnderwiis € 31,00 deis foar ien persoan eksklusyf toeristebelêsting (Folpensjon).
Alle jierren binne der simmerkampen foar Frysktalige bern fan 10 oant 15 jier. In wike lang wille mei in soad aktiviteiten en kreativiteit, mei betûfte begelieders fan tusken de 20 en 30 jier.