
Der eefkes út, in wykein, in wike of langer: dat kin by ús hiel goed. As jo ferlangje nei in plak midden yn de natuer, yn de Hoarnske bosk, tichtby strân en Waad, dan binne jo by ús fan herten wolkom. It sfearfolle doarp Hoarne mei it âldste tsjerkje fan it eilân, ferskate restaurants, it ferneamde muzykkafee fan Hessel en de winkel Ben van Alles lizze ek tichtby de Folkshegeskoalle; in kuierke fan sa’n 5 oant 10 minuten. Jo hawwe by ús ferskate mooglikheden.

In romme twapersoanskeamer (Brêge) ûnder is tige bysûnder, want jo túndoar komt streekrjocht út op de bosk. Of jo kieze foar in sfearfol appartemint (Koai en Stjûne) mei eigen keuken, tv.
De apparteminten fine jo ûnder