'Fan alles op strând…'
It waar is ûngedurich en dat is de moaiste tiid om gau ôf te setten. Want as it waar oerstjoer is, spielt it moaiste guod oan op it strân. Klear om fûn te wurden troch dy. Do witst noch net wat it is datst fine silst. Do witst noch net iens wêr'st nei op syk bist. Mar it wachtet op dy. It is der hielendal foar dy.
Do witst faaks noch net watsto sikest. Do witst noch net oftsto it fine silst. Mar wy binne der klear foar om dy te stypjen by it ûntdekken fan dat moais. Dy iene pearel fan in besinningskursus. Dat prachtige stik hout dat symboal stiet foar ús natoerkursussen. Of de rêdingsboei dy't nedich is om dyn kreativiteit wer de frijheid te jaan.
Komst by ús jutten? Der leit safolle moais foar it gripen...
Hjirûnder kinsto in kar meitsje út ien fan ús kursussen / wurksjops fan 2012. Skriuw dysels yn ... Wês wolkom!
Nij op de Folkshegeskoalle...
Aginda 2012 op rubryk en datum
Frysk |
Willewike, Frysk foar basis- en fuortsetûnderwiis
28 april – 1 maaie of 2–6 maaie
Jo ferhaal yn taal (kreatyf skriuwe)11–13 maaie
Midwike freonen en stipers28 maaie – 1 juny
Reis: in midwike nei Twente3–7 septimber
Kom en sjong12–14 oktober
Stoomkursus Frysk12–16 novimber én 10–14 desimber
|
Kreatyf: hânwurk |
Tekenjen en skilderjen fan de eleminten wetter, loft en lân
1–6 maaie
Jo ferhaal yn taal (kreatyf skriuwe)11–13 maaie
Klaas Kasma en de waadkeuken9–11 novimber
Wat makket fan in foto in slagge foto?25–29 juny
Sketse en skilderje 22–29 july
Bylden yn 'e bosk 22–29 july of 4–11 augustus
Skylger lânskip yn akwarel 26–31 augustus |
Besinning |
Winterretrête3–6 febrewaris of 1–4 febrewaris 2013
Yoga op Skylge 27–29 april
Mindfulness & selskompassy17–20 maaie
Yntroduksje Zen–meditaasje4–9 july
Mandala tekenjen en sakrale dûns30 july – 3 augustus
Franciscus van Assisi10–14 septimber
Sacred dance26–30 novimber
Winterretrête 20131–4 febrewaris 2013 |
Kreatyf: muzyk, sjonge, dûnsje, poëzij, fertelle |
Koorwykein klassyk20–22 april
Husmuzyk, J.Haydn 12–19 augustus
Ierske en Skotse lieten 21–23 septimber of 26–28 oktober
Stimekspresje5–7 oktober
Lokaasjeteater foar jongerein5–7 oktober
Kom en sjong12–14 oktober
Ferteltrijedaagse 19,20,21 oktober
|
Natoer, wralderfguod |
Rosse skries, gerssjonger en geale27–29 april of 11–23 maaie
Steltrinners en ginten7–9 septimber
Skylge fan east nei west 26–28 oktober
|
Jongerein |
Willewike, Frysk foar basis- en fuortsetûnderwiis
28 april – 1 maaie of 2–6 maaie
Simmerkamp 9 en 10 jier 22–28 july
Simmerkamp 11 en 12 jier 29 july – 4 augustus
Simmerkamp 13 en 14 jier 26 augustus – 1 septimber
Lokaasjeteater foar jongerein5–7 oktober |
Ekstra aktiviteiten
Witte jo dat de Folkshegeskoalle ûnderdak jout oan in tal aktiviteiten en kursussen by wa jo streekrjocht opjaan kinne? Sjoch de side Ekstra aktiviteiten.
Oanmelde nijsbrief
Trije kear it jier, yn april, july en novimber, ferskynt de Nijsbrief fan de Folkshegeskoalle. Hjiryn fertelle wy wat oer in tal kursussen en aktiviteiten. Ful hjirûnder jo e-mailadres yn en bliuw op 'e hichte !
Besjoch ús al ferstjoerde nijsbrieven yn ús argyf nijsbrieven.