
![]() |
Sketse en skilderje |
|
datum: |
11-18 july |
|
lieding: |
Jaap Ket |
|
kosten: |
€ 476,-- folpensjon, sliepsealtsje |
|
In simmerwike lang skilderje en sketse op it prachtige eilân. Basistechniken lykas kleurlear, foarmlear, perspektyf, kennis oer ferve en oare materialen komme oan bod. Mar ek komposysjelear, kar fan ûnderwerpen, materiaal en kleurgebrûk. Begjinners, mar ek skilders mei ûnderfining kinne harren talinten ûntwikkelje en útbouwe. De teorylessen binne yn it gebou, fierders wurkje wy útsoarte bûten, yn de dunen, oan it strân of by it waad. In yntensive kursus, mar ek genôch tiid foar ûntspanning oan see of om te genietsjen op in terras. |
||