De Folkshegeskoalle op Skylge
 |
Jo ferhaal yn taal Special lietteksten |
datum: |
28-30 maaie (net mear te boeken) |
lieding: |
Akky van der Veer |
kosten: |
€ 199,-- folpensjon, twapersoanskeamer |
Skriuwe jo wolris foar josels, mar witte jo soms net hoe’t it fierder moat? Hawwe jo krekt dat triuwke yn de rêch nedich om te begjinnen? Soene jo graach ris mei oaren yn groepsferbân skriuwe wolle?
Wa’t nocht oan skriuwen hat, mar noch gjin kar meitsje kin foar in bepaald sjenre, lykas gedichten of ferhalen, is yn dizze workshop te plak. Der wurde allerhande oefeningen dien, dy’t de fantasy stimulearje en it kreative proses op gong bringe. Skriuwûnderfining is dêrby net perfoarst nedich.
Akky van der Veer is skriuwster en jout al jierrenlang skriuwkursussen.
|