De Folkshegeskoalle op Skylge
Skip to maincontent, sla it menu oer.
Folkshegeskoalle op Facebook

Nederlânsk

Summary

Home side
Foar wa?
Akkommodaasje
Kursussen
Prizen
Ynskriuwe
Kursus
Reservearje
Akkommodaasje
Reservearje
Simmerkamp
Oer ús
Links
Fotoalbums
E-cards
Argyf
Nijsbrief

Oanmelde Nijsbrief

ljochttoer

Rûte en unyke lizzing


 

Hoe komme jo hjir?

Mei de gewoane feartsjinst út Harns wei farre jo yn twa oeren nei Skylge. De flugge tsjinst docht der 45 minuten oer. By de haven fan Harns is goede parkeargelegenheid. De trein nei Harns slút goed oan op de gewoane feartsjinst. Tip: Jo kinne fia www.rederij-doeksen.nl of fia 0900-3635736 (0900-doeksen) in boatkaart keapje, jo hoege net mear yn de rige te stean en binne op ‘e tiid mei it keapjen fan jo boatkaart.
Tip: in groepsretoer fanôf 15 persoanen is foardielich.
Tip: de fartiden wikselje mei it seizoen. Sjoch op www.rederij-doeksen.nl, of skilje: 0900-3635736.
By de haven steane bussen en taksys nei klear. Kies bestimming Easterein, stap út yn Hoarne by de halte Badwei, nei de tsjerke. Folgje de bus en nim gelyk de earste dyk lofts. Dat is de Badwei. Nei likernôch 300 meter fine jo ús lofts yn de bosk.
Tip: Jo kinne by de haven ek in fyts hiere. Nei Hoarne is it likernôch 12 kilometer. De fytsferhierder soarget foar ferfier fan jo bagaazje.

Adres

Folkshegeskoalle Schylgeralân
Badwei Hoarne 11
8896 KC Skylge HOARNE
till: 0562-448954
e-post:

legenda: yn de kaart op + drukke foar it ynzoome - drukke foar it útzoome. Jo kinne de kaart ferpleatse mei it hântsje.

Foarsjennings yn de omkriten

Fytsen kinne jo hiere yn Hoarne by de winkel Ben van Alles. De bushalte yn it doarp is likernôch 300 meter fan de Folkshegeskoalle ôf. Yn Hoarne binne 3 restaurants en 2 kafees. It bekendste kafee fan it eilân mei de Skylger sjonger Hessel is ek moai tichtby. Oan it ein fan de Badwei leit (fan april oant novimber) de útspanning Kaap Hoorn. By de winkel Ben van Alles yn Hoarne kinne jo farske broadsjes en sa keapje en fierder kinne jo dêr kranten, sûvenirs en ynformaasje oer it eilân krije. Op goed twa kilometer fan Hoarne is yn Lies supermerk Spar. Yn Midslân is in pinautomaat by de Rabobank.

Unyke lizzing Folkshegeskoalle

nei it wiide strân is it viif minuten fytsen

De Folkshegeskoalle leit op in bysûnder moai plakje yn de dúneftige Hoarnske bosk. Nei it strân is it fiif minuten fytsen of in kertierke rinnen. It Waad is in pear hûndert meter fierder.

It natuergebiet de Koegelwieck leit koartby en grinzet oan de bosk. It lânskip yn eastlike rjochting is, ast it Hoarnske bosk efter dy litten hast, ien grut dúngebiet. Dat gebiet grinzet oan de Boschplaat, in Europeesk natuerreservaat fan tolve kilometer lang oant oan it eastlik einpunt fan Skylge. Dêr hawwe de natuer, de fûgels en it tij fan see en Waad frij spul. Fan de Folkshegeskoalle ôf lizze alle ‘biotopen’ om sa te sizzen deunby.

grins fan de Hoarnske bosk

Sjoch yn ús fotoalbum foar mear prachtig foto's fan de omkriten fan de Folkshegeskoalle

nei boppe

Folkshegeskoalle Schylgeralân, de folkshegeskoalle op Skylge (c) 2008.