
Wy litte jo graach genietsje fan it goede fan de ierde. Dêrom brûke wy farske yngrediïnten en Skylger natuertsiis, en skinke wy Fair Trade kofje. As jo wolle, meitsje wy mei alle plezier fegetarysk iten foar jo klear. Dat wolle wy dan graach tagelyk mei de opjefte witte.
It heart by de filosofy fan de Folkshegeskoalle om mei elkoar te iten. Jo moetsje dus oan tafel soms dielnimmers fan oare kursussen.
Jo binne fan herten wolkom. Kom en genietsje! Allinnich, tegearre of mei in groep. De Folkshegeskoalle is boud op ’e fûneminten fan bunkers, yn freonlike Skandinavyske styl. Jo kinne de akkommodaasjes hiere. In groep oant 100 persoanen is gjin probleem.
Us iten is licht en smaaklik en wurdt makke fan farske ingrediïnten.
Fan âlds is de Folkshegeskoalle in sintrum fan moetsjen, besinnen, kultuer. En dat is it noch hieltyd.
Us Fryske woartels binne noch sichtber oanwêzich, lykas yn ’e kursussen Fryske taal en kultuer.
De Folkshegeskoalle jout ûnderdak oan sa'n 35 kursussen en aktiviteiten. Sjoch hjirfoar ús kursusaginda.
Trije kear it jier, yn april, july en novimber, ferskynt de Nijsbrief fan de Folkshegeskoalle. Dizze brief bringt jo ekstra nijs, gedichten en ynterviews. Ful hjirûnder jo e-mailadres yn en bliuw op 'e hichte !
Besjoch ús al ferstjoerde nijsbrieven yn ús argyf nijsbrieven.
Fan de Folkshegeskoalle ôf is it fiif minuten fytsen of in kertierke rinnen nei it strân. It Waad is in pear hûndert meter fierder.
It natuergebiet de Koegelwieck leit koartby en grinzet oan de bosk. It lânskip yn eastlike rjochting is, ast it Hoarnske bosk efter dy litten hast, ien grut dúngebiet. Dat gebiet grinzet oan de Boschplaat, in Europeesk natuerreservaat fan tolve kilometer lang oant oan it eastlik einpunt fan Skylge.
Foar mear mooie fotos fan de umkriten fan de Folkshegeskoalle, klik op it fotoalbum

